Top

Samar - Fan'e Lemmer Oant Lauwersmar

Nieuw
  • Samar - Fan'e Lemmer Oant Lauwersmar
9,95
Product is niet meer leverbaar


Samar wie in Fryske kabaretgroep dy't yn 1969 oprjochte waard. It selskip fierde oant de útjefte fan harren earste kompakt skiif acht programmas op. De groep hat de thúsbasis yn it Fladdetéater yn Aldehaske. Yn 1995 stopte de kabaretgroep en der ûntstie doe in nij sang en muzykselskip. Dy nije groep spilet sa no en dan ûnder de titel fan kabaret nei konsert. Samar stiet ûnder lieding fan de sjoernalist Jan Hettinga (1939) dy't ek de teksten en in part fan de muzyk foar syn rekkening naam. De groep bestie yn 1997 út Pytrick Bruinsma (sang), Gezina Dijkstra (sang), Froukje de Jong (sang), Durk Nota (sang), Wim Beckers (gitaren, banjo en sang), Tjitte Feenstra (piano), Peter Taconis (basgitaar en sang) en Henk Waterlander (drums, perkusje en sang). Op de earste ks spylje ek Marjon Waterlander (dwersfluit) en Gerard Dijkstra (es-bas) mei. Jan Hettinga en Durk Nota dogge al fanôf it begjin mei. Gezina Dijkstra is net mear aktyf yn Samar. Wim Bouwers nam letter it plak yn fan Wim Beckers.

Label Eigenbeheer
Artiest(en) Samar
Uitvoering Cd (album), 1 disk
Taal fy
Releasedatum onbekend
EAN SAMAR CD 1

Reviews (0)
Type de code over