|
Nei it sukses fan de teatertoernee ‘It fûgeltsje yn myn gitaar’, presintearre Fryslâns bekendste trûbadoer Piter Wilkens in twadde oade oan Cornelis Vreeswijk. It twadde programma mei yn it Frysk oersetten ferskes fan Vreeswijk hjit: ‘De Fleanende Hollanner’. Dat is de bynamme fan Cornelis Vreeswijk (1937 – 1987) dy’t as trûbadoer bekend wie yn Nederlân en Sweden. Yn it Frysk klinke syn nûmers allegear ferrassend fris en aktueel. Op 30 juny hat Piter Wilkens mei syn band ‘De Fleanende Hollanner’ brocht yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean. Omrop Fryslân hat it konsert registrearre en dit wurdt no op dvd útbrocht. Dat is unyk, want der is noch net earder yn syn lange karriêre in dvd van Piter Wilkens útbrocht!
Op de dvd stiet ek de prachtige dokumintêre: ‘Op syk nei Cornelis Vreeswijk’ fan Omrop Fryslân programmamakker Piter Tjeerdsma. In koarte 'road movie' oer de syktocht fan Wilkens nei it Sweedske ferhaal fan Cornelis Vreeswijk. Underweis nei it jierlikse Cornelis Vreeswijk betinkingsfestival yn Stockholm siket Piter Wilkens minsken op dy't Vreeswijk goed kend hawwe. It waard in bysûndere reis mei in soad ûnferwachte optredens en moetings.
1 Sis, wat bart der mei ús nei ús dea? 2 Felicia farwol 3 De noazem en de non 4 Veronica 5 Linnéa yn galop 6 Fielsto ús skaden? 7 Myn leafste yn in liet 8 Guon rinne om op stikkene skuon 9 Thúshavensamba 10 Jiskebultballade 11 Bakker de bakstien 12 Ienfâldich trûbadoer 13 Fannacht hie ik in frjemde dream 14 Toeristeklacht 15 Sonja en Sieu 16 Ballade fan âld baas 17 Freark en Cecilia Lind 18 Autowaskerijblues 19 It fûgeltsje yn myn gitaar 20 Dubrovnik blues 21 Humphrey’s blues 22 Liwwarder blues 23 Simmerkaart
|